Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s

16 Septimber 2017

Neidat april oant en mei juny moai, mar fierstente drûch wienen - op ‘t lêst wienen we alle dagen wol in oere oan it wetter jaan - wienen july en augustus moannen mei hinne-en-wer waar. Net striemin, mar noait fêst waar. Spitich is wol dat de bloeiende blommen en roazen troch al dy reinbuien hieltyd wer in knoei krije en net op har moast binne. De stoarm fan 13 septimber hat it ek net better makke en de dêrop folgjende spielbuien ek net. De tún hat wol ris moaier west yn septimber.

Mar we hâlde de moed der yn: in part fan de blombollen dy’t we alle jierren byplantsje, stiet al wer klear om te yn ‘e grûn te setten.


2 Juny 2017

De tulpen wienen mids maaie al útbloeid en de Alliums in pear dagen lyn. Noch altyd is alles tige foarlik, al hat de kâlde Aprilmoanne de boel fiks ophâlden. De roazetún hat noch noait sa betiid bloeit en ek de fêste planten dogge al moai mei. Probleem is wol dat april en maaie by ús fierstente drûch west hawwe, sadat wy - seker no’t de ienjierrigen wer yn de potten steane - al geregeldwei mei wetter oan it sjouwen binne. As we dat net dogge, skilt it by guon planten in pear wiken yn de bloeitiid.

In grut foardiel fan ús nije kas is, dat de daljes no folle earder de tún yn koenen. Se steane al twa wiken wer yn de borders en wy rekkenje dat se oer in pear wike wol bloeie kinne. Dat komt de kleureskema’s yn de borders tige te’n goede, want daljes bloeie troch oant de earste nachtfroast.


27 April 2017

Nei in hearlike maartmoanne wie alles yn de tún flink foarlik (ynklusyf it wurk yn de tún!).

En nettsjinsteande de kjeld fan april leit alles noch altyd fier foar op skema.

De earste tulp bloeide op 31 maart: 14 dagen earder as oars. De earste beam yn blêd wie de Prunus padus (wylde nageltsjebeam) en dy stiet no al in wike te bloeien. Eartiids bloeide dy beam altyd mids maaie. Mar ek de fêste planten yn de borders steane al flink boppe de grûn. En as we meikoarten wat waarmer waar krije soenen, dan tink ik dat de borders, mar ek de roazen wol in moanne earder bloeie as normaal. Der sitte al grouwe knoppen yn de ‘Matin Clair’en de ‘Madame Isaac Pereire’.

Hjirboppe in pear foto’s fan de lêste wiken.


13 April 2017

Sûnt de oanlis fan de roazetún yn 2014 ha wy al op syk west nei in ornamint foar de roazetún.

Mar in pear wiken lyn wie ik mei in freondinne op in túnbeurs yn Grins en dêr seach ik wat guod fan de winkel fan Marie Been yn Peize (www.huisentuindecoratiemarie.nl) en dêr ha we hjoed even hinne west.

Binnen in heal oere wienen we klear en we fûnen ek noch in hiele moaie hoanne fan metaal.

Dy hoanne ha we Lytse Pier neamd nei ús gielweiten hoanne Pier dy’t jierrenlang de hinnen yn ús pikehok regeard hat. Hy stiet op in beamstobbe yn de boskbordertún en past presys by de blomkleuren fan dy border.

Ofsjoen fan in pear potten yn de tún ha wy noait folle oan dekoraasje yn de tún hân, mar nei in besite oan de Tunen van Bert Loman (www.deverborgentuinenvoorst.nl) binne wy fan miening feroare en no ha we hjir en dêr wat aardichheidsjes yn de tún. Gjin heechdravende keunst, mar wy fine it aardich.


20 Maart 2017

Omrop Fryslân / Joline Dalstra op besyk yn reinich waar

Fan freedtejûn ôf is der in soad wetter fallen. Yn de roazetún bliuwt it wetter sels stean.

Mar yn de oardel wike dêrfoar wie it knap waar en ha we in soad maitydswurk dwaan kinnne.

En mar goed dat de tún der wer netsjes út seach, want fan ‘e moarn om healwei achten stie ferslachjouwster Joline Dalstra fan Omrop Fryslân op ús parkearterrein foar in ynterview yn it ramt fan de Maitydswike. Se trof it net, want it wie kâld en suterich.

Foar dy’t de ynterviewkes (2 kear 5 menuten) noch beharkje wol:

http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/fryslan-fan-e-moarn-fan-20-maart-2017-0600


Febrewaris 2017

Wolkom op de fernijde hiemside

De grutste ferbettering is, dat de hije hiemside no automatysk troch de foto’s fan de tún - of dieltún - hinne blêdzje kin. Dat skilt in stik gepiel mei de mûs en is aardich handiger op de mobile tillefoan.

Ofsjoen fan wat lytsere oanpassinkjes steane de plantelisten no net mear op in aparte side, mar ûnderoan de side fan de border of it part fan de tún sels. By de plantelisten, sille wy ek hieltyd mear en faker foto’s fan de brûkte planten sjen litte.


Oktober/novimber 2016

De lêste jierren brûke wy yn de tún hieltyd faker simmerbollen lykas daljes ensfh. en ienjierrigen (û.o. túnkaantsjes). Mei de komst fan de grientetún krigen wy ferlet fan in kas om ús daljes winterdei oer te hâlden en yn it begjin fan de maityd griente en ienjierrigen te siedzjen.

Dêrom ha wy ein 2016 ús eardere pikehok omboud ta kas, troch der in pear grutte kezinen mei in soad (dûbel) glês yn te setten. Jan hat in wurkbank en wat planken makke en trochdat it hok goed isolearre is, bliuwt de nije kas frijwol froastfrij.


April/maaie 2016

Us heit hie altyd in grutte grientetún en Jan syn pake en heit hienen grientetunen. Wy binne der noait oan begûn, want wy hienen aardichheid oan blommen en planten en griente keapet men yn de winkel.

Mar fansels smakke griente út heit syn tún wol sa goed en men wist wêr’t it weikaam.

De lêste jierren keapje ik dan ek in grut part fan ús griente by Bona Ventura yn Ternaard.

Mar fan ‘t maityd ha wy samar besletten om in stikje bleek tusken roazetún en puntborder om te setten yn in grientetún. Yn april en maaie hat Jan oan it graven, kroadzjen, straten en timmerjen west en by it skriuwen fan dit stikje steane de jirpels boppe de grûn, ite wy hast alle dagen slaad en brûze biten en oare griente ta de grûn út. Foar mear ynformaasje sjoch op Grientetún.